Swiere nacht strontrace

It wie in drege nacht foar de dielnimmers fan de Strontrace. Hurde wyn en rein soargen foar in swiere tocht oer it iselmar. Guon skippen hawwe skea en oaren moasten omfarre troch in stremming by Lelystêd.
Moandei om ien oere is de tocht yn Warkum úteinset. Tradisjonele skûtsjes sile nei it Súd-Hollânske Warmond en werom. Oan board ha de skippen plestik pûden mei droege stront-kerrels en foar de weromreis ruilje se dat foar blombollen.