PVV tsjin fúzje provinsjes

17 okt 2011 - 20:21

De PVV yn Fryslân keart him tsjin in mooglike fúzje fan ús provinsje mei Grinslân en Drinte. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra fan de PVV yn de steaten hat Fryslân tefolle in eigen kultuer om op te gean yn in grutter gehiel, lykas it kabinet wol. Boppedat is it Frysk de twadde rykstaal.

De PVV sil meikoarten it kolleezje fan deputearre steaten freegje ôfstân te nimmen fan it kabinetsbelied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)