Stellen skûtsje weromfûn

17 okt 2011 - 14:41

It stellen skûtsje Vrouwe Jans fan Jan Langejans út Krommenie is wer fûn. Nei in tip hat de plysje it skûtsje fûn yn it wetter fan de Swemmer by Noardburgum. Wa't it dêr dellein hat, is net bekend. De plysje hat gjin minsken by it skûtsje oantroffen.

De eigner ûntduts sneontemoarn dat it net mear op it fêste lisplak yn De Hommerts lei. Nei alle gedachten wie it earder dy wike stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)