Philips Drachten bûten skot

17 okt 2011 - 12:42

Philips Drachten bliuwt bûten skot by de grutte besunigingsronde fan it elektroanikakonsern. Philips skrast yn hiel Nederlân 1400 banen. It giet dan benammen om funksjes op de haadkantoaren yn Amsterdam en Eindhoven. Oer de hiele wrâld moatte der 4500 minsken út. Sa moatte de winstsifers ferbettere wurde.

Philips sil mear jild útjaan oan ûndersyk. Dêr soe Drachten mei in grutte ûndersyksôfdieling mooglik sels noch fan profitearje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)