Wopkje skriuwt bêste twicht

Wopkje de Jong hat dit jier de bêste Fryske twicht skreaun. Dat die snein bliken op de slotdei fan de Moanne fan it Fryske boek. De blogpriis gie nei André Looijenga foar syn Frysk Deiblog. De 19-jierrige Ewoud van der Weide krige de oanmoedigingspriis foar syn Frysk weblog.
It is noch net te sizzen hoe súksesfol oft De Moanne fan it Fryske Boek west hat. De ferkeap fan Fryske boeken yn dizze moanne giet tsjinwurdich fia de boekhannels.