Philips Drachten: optimisme

Foto: Omrop Fryslân
Fakbûn CNV is optimistysk oer de takomst fan Philips Drachten. Philips skrast yn Nederlân 1400 banen. Oer de hiele wrâld ferdwine 4500 wurkplakken.
Philips Drachten bestiet út de ûnderdielen Research and Development en skearapparaten. Neffens it CNV rinne dy ôfdielings tige goed. Koartlyn is de fabrikaazje fan in bespaald type skearapparaat út Sina nei Drachten helle. Dat kin hjir no ek goedkeaper makkwe wurde om't der in protte automatisearre is.