Kasino yn Opsporing Verzocht

Helm krusiaal by opspoaring oerfallers kasino De Lemmer
It televyzjeprogramma Opsporing Verzocht wurdt ynskeakele om in oerfal op it kasino op De Lemmer op te lossen. Dêr twong op woansdei 27 july in man mei in wapen in meiwurkster jild te jaan. Syn gesicht wie net te sjen om't er in helm op hie.
Dy helm blykt in wichtich oanknopingspunt te wêzen. Fan dat type binne mar fiif yn hiel Nederlân ferkocht. De plysje hopet no mei Opsporing Verzocht derachter te kommen wêr't dy helms bedarre binne.