Eigner pakt ynbrekker

De eigner fan in sloopbedriuw oan de Holstmeerwei yn Ljouwert hat snein in 42-jierrige man út Ljouwert oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. De Ljouwerter waard betrape doe't er op it terrein fan it sloopbedriuw omrûn. Der wiene al earder gefallen fan dieverij by it bedriuw west en dêrom wie de eigner wach.
De fertochte besocht om oer in stek út te naaien. De bedriuwseigner gie der op de fyts achteroan. Nei in koarte achterfolging krige er de man te pakken.