Ynbrekkers út Utrecht oppakt

17 okt 2011 - 10:08

Op in parkearplak oan de A6 binne sneitenacht trije manlju út Utrecht oanhâlden op fertinking fan ynbrekkerij. De plysje seach harren auto al earder riden yn Beetstersweach en frege it kenteken op. Op de A7 seagen se de auto wer. Pas op de A6 by Dunegea joech de plysje in stopteken.

Yn de auto lei in mes en in wapenstôk ûnder in automatte. De plysje fûn yn de kofferbak ek noch in tas mei ynbrekkersark. De manlju binne ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)