Winst foar Snits WS/Boso

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart/Boso hat snein mei 2-0 wûn fan it Grinzer Be Quick 1887. Krekt foar it skoft wie it Ramon Giro Batalla dy't it earste doelpunt makke. It duorre oant flak foar tiid dat it publyk op sportpark de Molenkrite wer jûchheie koe, de 2-0 kaam fan Joni Gregoria.
Trainer Groote wie nei ôfrin tefreden oer it spul. Snits spile neffens him dominant en kreas fuotbal. Boppedat hold keeper Timmermans foar de twadde kear op rige de nul.