Kleandief Burgum oppakt

16 okt 2011 - 16:51

De plysje hat sneon yn Burgum in 45-jierrige man út dat plak oanholden foar stellerij. Personiel fan in winkel oan de Skoalstrjitte seach dat de man klean ûnder syn eigen klean weistoppe hie. Op basis fan in sinjalemint koe de plysje de man by it ferlitten fan de winkel oanhâlde. Hy hie in T-shirt en broeken stellen.

Op it plysjeburo waard by de man in wikkel mei poeier fûn. Mooglik giet it om harddrugs. De man is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)