Ynbraak doarpshûs Reitsum

16 okt 2011 - 16:47

Trije ynbrekkers út Ljouwert en Hallum binne sneintemoarn op 'e die betrape by in ynbraak yn it doarpshûs fan Reitsum. Tsjûgen seagen de manlju fan 18 en 27 oan de gong mei it ynladen fan guod yn in auto. De plysje sette de achterfolging yn en seach de auto yn Ginnum riden. Yn de Roordastrjitte waard de auto leech oantroffen.

Nei de ynset fan in hûnebegelieder waarden de manlju fûn yn in loads. Dêr fûnen de plysjes flessen frisdrank, sterke drank en wat lytsjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)