Kâns op film oer Sterke Yerke

16 okt 2011 - 16:21

De kâns is grut dat it avontoer fan de fjouwer Fryske jonges dy't yn 1979 mei in selsboud flot de oseaan oerstutsen ferfilme wurdt. Dy tocht einige op de rotsen foar Bonaire. It jongesboek fan de Sterke Yerke kaam wer yn it nijs nei in dokumintêre fan Andere Tijden.

In foaroansteand filmproducer sjocht wol wat yn it ferhaal en kloppe oan by bemannigslid Guus Schweigmann. Der moat noch wol 4 miljoen euro socht wurde om it budzjet rûn te krijen. Ek moatte der twa nije flotten boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)