Skûtsje stellen út De Hommerts

16 okt 2011 - 16:06
  • It stellen skûtsje

De plysje stelt in ûndersyk yn nei it stellen fan in skûtsje út De Hommerts. De stellerij oan de Krimpwei moat west hawwe tusken moandei 10 en sneon 15 oktober. It giet om in 13 meter lang skûtsje fan it boujier 1914. Der stean twa buorden op mei de namme Vrouwe Jans Krommenie 20 ton.

It skip is middelbrún fan kleur en de opbou is yn deselde kleur as de romp. De seilen sieten net mear op it skip, dy wiene al ynhelle. De 57-jierrige eigner út Krommenie hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)