Schepers talint Jupiler League

16 okt 2011 - 16:04

Cambuuroanfaller Bob Schepers is snein troch syn kollega's yn de Jupiler League útroppen ta it talint fan de earste perioade. Fuotbaltrainers en oanfierders fan klups út de Jupiler League koene har stim útbringe. It 19-jierrige Cambuurtalint krige in brûnzen byld fan in bolle.

Lang kin Cambuur net mear genietsje fan Schepers om't er takom jier útkomt foar FC Utrecht. Ein augustus kocht Utrecht de linksbûten, mar ferhierde him foar dit seizoen wer oan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)