Epke gjin OS startbewiis

Epke Zonderland (argyffoto: awfoto.nl)
Epke Zonderland is der sneintemoarn net yn slagge om in medalje te heljen op it wrâldkampioenskip oan it rek yn Tokio. Dat betsjut ek dat er him net kwalifisearre hat foar de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen.
Epke begûn geweldich goed oan de finale mei û.o. de unike Cassina-Kolman kombinaasje. Op it lêste flechtelemint rekke hy mei syn skonken it rek en doe siet in topskoare der net mear yn. De Fryske turner waard fiifde mei 14.833 punten.