Wer ferlies Drachtster Boys

15 okt 2011 - 16:39

Sneonshaadklasser Drachtster Boys hat noch altyd gjin oerwinning helle. De ploech fan trainer Jan van Raalte ferlear sneon mei 3-2 yn en fan Nunspeet. Dochs like it derop dat Drachtster Boys punten meinimme koe.

Foar rêst sette Paul de Jong de besikers op 0-1. Nunspeet makke krekt foar rêst wer lyk. Yn de twadde helte brocht Jelle Teitsma de Drachtsters op 'e nij op foarsprong mar ek dat bleau net op it boerd stean. Nunspeet makke noch twa doelpunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)