Kommunikaasjesysteem falt út

Troch in technyske steuring koe it kommunikaasjesysteem C2000 fan de helptsjinsten yn Fryslân sneon in pear oeren net brûkt wurde. Gefolch wie dat plysjeminsken en meiwurkers fan de brânwacht en ambulânse fia de portofoan en mobilofoan gjin kontakt krije koene mei de meldkeamer.
De helptsjinsten moasten tydlik gebrûk meitsje fan har mobile telefoans. Problemen mei de helpferliening ha der fierder net west, sa lit de plysje witte.