Drachtster jout jonges klappen

15 okt 2011 - 14:05

De plysje hat freedtejûn in 45-jierrige man út Drachten oanholden foar mishanneling. Hy soe twa jonges fan 13 slein ha. Ien fan har hie ferwûnings oan it gesicht en moast nei de dokter.

De fertochte waard oppakt yn syn wenning. Nei ferhoar op it buro mocht er wer nei hûs. De plysje tinkt dat de beide jonges de Drachtster pest ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)