Postsortearsintrum út Grou wei

15 okt 2011 - 13:59

De njoggen postsortearders yn Grou hawwe sneontemoarn foar de allerlêste kear de post sortearre en op rûte set út it kantoar yn har wenplak wei. Nei goed 35 jier ferhuzet it kantoar nei Ljouwert. De ferhuzing is it gefolch fan de sluting fan alle lytse bestelkantoaren yn Nederlân.

De postkantoarwurksumheden wurde ûnderbrocht by oare winkels yn Grou. De VVV dy't yn itselde gebou sit, is op syk nei in oar ûnderkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)