Hooghiemster: prof yn Dútslân

15 okt 2011 - 09:54

René Hooghiemster rydt it kommende seizoen foar de Dútske ploech NSP. Troch de oerstap nei dizze kontinintale ploech kin Hooghiemster him folslein op it fytsen rjochtsje. "Ik krij de kâns om as prof te libjen mei in moai programma. Foar myn ûntwikkeling is dat goed."

De 25-jierrige Drachtster ried dit seizoen foar it Ubbink-Koga Cycling team. Hy kaam dit jier seis kear as earste oer de streek, mei û.o. winst yn Frankryk, de Baronie en Trynwâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)