Schokker begrypt krityk net

14 okt 2011 - 17:25

De krityk fan sa'n 150 ynternasjonale wittenskippers dat it Waad no net genôch as ien ynternasjonaal natoergebiet beheard wurdt, kin deputearre Schokker net rjocht pleatse. Se wol wol om tafel om te sjen wat der better kin.

De oprop ta in better yntegraal behear fan de Waadsee kaam nei in grut ynternasjonaal sympoasium op Teksel oer it Waad. Neffens Schokker wurdt der no al in soad gearwurke en wurde ôfspraken oer it Waad goed neilibbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)