Werstel âlde paden Damwâld

In nije stifting is dwaande de Halepaden om Damwâld hinne werom te bringen. De kuierpaden binne ûntstien tusken 1850 en 1950 trochdat minsken it koartste paad namen fan hûs nei de winkel, skoalle of tsjerke. Dat gie dwerstroch de natoer of it boerelân.
De tsientûzenen euro's foar it werstel komme komme ûnder oaren fan de gemeente en plattelânsprojekten. Op guon plakken moat allinnich wat snoeid wurde, mar op oare plakken moat it hiele paad opnij oanlein wurde.