Provinsjale priis foar Pilat

Foto: Omrop Fryslân
Meubelmakker Gjalt Pilat út Twizel hat freed de provinsjale Vredeman De Vries-priis foar foarmjouwing wûn. Deputearre Jannewietske de Vries rikte de priis út op it provinsjehûs yn Ljouwert. Pilat krige de priis foar de tafelsearje Pake Sytse. Dy hat in ûnderstel dat basearre is op in klokkestoel mei in grut houten dekblêd derop.
Der wiene 86 ynstjoerings, tsien mear as ferline jier. Dêr rûgelen tsien nominaasjes út.