Man falt fan brêge yn Harns
In 47-jierrige man út Hilversum is freedtemoarn yn Harns fan de SAS-brêge yn de kearmuorre yn de Willemshaven fallen. De man kaam oer de fuotgongersbrêge kuierjen en is nei alle gedachten útglide. Hjirnei foel er fjouwer meter nei ûnderen ta en kaam er op in betonnen râne telâne.
De man is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.