Olympyske bob hieltyd Frysker

14 okt 2011 - 14:11

Yn it nije bobslydteam dat de Olympysje Spelen yn Ruslân helje moat sitte de Friezen Sybren Jansma en Jeroen Piek. Dy lêste komt út de baanatletyk. Piek is oerbleaun út in seleksjewedstriid op It Hearrenfean. Hy is ien fan de manlju dy't de bobslide gong jaan moat. Jansma komt neist de fjouwermansbob ek út yn de twapersoansbob, tegearre mei Edwin van Calkar. In earste testwedstriid einige posityf. De bob einige by de earste fjouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)