Fúzje Friese Meren yn 2014

14 okt 2011 - 12:43

De fúzje fan de gemeenten Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân giet definityf troch op 1 jannewaris 2014. Dat hat de stjoergroep fan de fúzje ôfsprutsen mei minister Donner.

De gemeenten sels woene graach per 2013 fusearje, mar minister Donner hâldt fêst oan 2014. Sa kin de fúzje fan dy gemeenten lykop rinne mei it opheffen fan de gemeente Boarnsterhim. In stik fan dy gemeente wurdt ûnderdiel fan de nije gemeente De Friese Meren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)