'Klikfoarstel' falt ferkeard

It is net passend ynwenners fan Ferwerderadiel te freegjen nammen fan minsken dy't oerlêst feroarsaakje troch te jaan oan doarpsbelangen. Dat wie tongersdeitejûn de reaksje op in inisjatyffoarstel fan it CDA yn de gemeenteried fan Ferwerderadiel.
Alle jierren stiet de oerlêst fan hûnestront of te hurd riden wer op de aginda. Mar de oplossing fan it CDA foel net yn goede ierde. It kolleezje fan b. en w. hat tasein nei te tinken oer in nije, passende oplossing.