Soarch by skjinmakkers Philips

Philips Drachten (foto: Omrop Fryslân)
Skjinmakkers by Philips Drachten sitte yn noed oer grutte besunigings op harren wurk. Lanlik stekt Philips hast 20 persint minder jild yn it himmeljen fan kantoar- en fabryksromten. De wurkdruk wurdt dêrtroch folle heger. Skjinmakkers fan Philips Eindhoven en Best hawwe út protest al in pear kear tydlik it wurk dellein.
De fakbûnen hawwe oan de bedriuwslieding fan Philips in petysje oanbean mei de oprop de besunigings fuortendalik te skrassen.