Nierstienfergruzer yn MCL

14 okt 2011 - 11:14

Sikehûs MCL yn Ljouwert beskikt sûnt dizze wike oer in eigen nierstienfergruzer. Foarhinne moasten pasjinten trochferwiisd wurde nei oare sikehuzen of wachtsje op in mobile fergruzer dy't sa no en dan it sikehûs oandie. De earste pasjinten binne tongersdei behannele mei it nije apparaat. Neffens it MCL is dat súksesfol ferrûn.

De nije nierstienfergruzer is ien fan de modernste yn syn soart. Der kinne ek oare behannelings mei útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)