Fierste hurd by Rinsumageast

14 okt 2011 - 11:02

De plysje hat tongersdeitemiddei by Rinsumageast in automobilist oppakt omdat der er mear as twa kear sa hurd ried as tastien is. De 44-jierrige Ljouwerter hie 137 kilometer op de teller te stean, wylst er dêr net hurder as 60 mei.

De man koe oanhâlden wurde nei in achterfolging. Doe die bliken dat er net ride mocht, omdat syn rydbewiis ynfoardere wie. De man hat in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)