Parkearde auto útbaarnd

14 okt 2011 - 10:04
  • Foto: Anton Kappers

De parkearde auto fan in 62-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht útbaarnd. De auto stie oan de Eastersingel. De man waard om kertier oer fjouweren wekker fan in klap. It auto-alarm gie dêrnei twa kear ôf. Doe't de man seach wat der te rêden wie, seach er dat syn auto yn de brân stie. Hy belle 112 en de brânwacht hat it fjoer útmakke.

In oare auto dy't dêrnjonken stie, koe noch op 'e tiid fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)