Mislediging en bedriging

De Doelestege yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
In 22-jierrige man is yn de nacht fan tongersdei op freed yn it sintrum fan Ljouwert oanhâlden foar mislediging. Hy hearde by in groep fan tsien persoanen dy't op it Hearewaltsje stie. Doe't de surveillearjende plysje delkaam, begûn er te skellen. De plysje hat him meinaam nei it buro.
Dy nachts is ek in 37-jierrige Ljouwerter oppakt. Hy soe in portier fan in kafee yn de Doelestege bedrige hawwe. De man is ynsletten op it plysjeburo foar neier ûndersyk.