Rentree Kramer yn wedstriid

14 okt 2011 - 09:23

Sven Kramer makket takom sneon syn rentree by in wedstriid. Yn Inzell sil Kramer de 3000 meter ride, syn earste wedstriid sûnt it WK allround fan 2010. Kramer hat dêrnei oardel jier út de rûlaasje west fanwege in blessuere. Nije wike sil Kramer in 5 kilometer ride om dêrnei de fierdere rûte te bepalen.

Kramer hat him foar dit seizoen as doel steld him te kwalifisearjen foar grutte ynternasjonale kampioenskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)