Lânskipspriis foar Achlum

14 okt 2011 - 07:12

De gemeente Frjentsjerteradiel hat de Juichwylch wûn, omdat dy gemeente it measte docht foar frijwilligers yn lânskip en natuer. De priis is foar it projekt "Achlum oan de Slachte".

De Achlumers hawwe de omjouwing fan de âlde Slachtedyk oanpakt troch it opknappen fan de terp en it doarpsbosk en de oanklaaiïng fan it bedriuweterrein. De priis bestiet út in glêzen knotwylch en 5000 euro. Dat jild sil bestege wurde oan de oanlis fan in hôf yn Achlum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)