Kramer ek noed oer busferfier

Deputearre Kramer dielt de soarch fan de steaten oer it busferfier op it plattelân. It ferfier nei en fan de lytse doarpen kostet in soad jild. De provinsje is foar in grut part ôfhinklik fan ryksjild om dit te beteljen. No't de provinsje folle minder ryksjild krijt, kin de provinsje lang net safolle iepenbier ferfiersoeren ynkeapje as no.
De oanbesteging fan it busferfier is ein dit jier. De provinsje hat noch in ekstra potsje fan 3,6 miljoen euro.