Nominaasjes Sulveren Twicht

13 okt 2011 - 15:41

Foar de Sulveren Twicht binne fiif dichters nominearre. Fan de lytse 200 ynstjoerings mei in gedicht fan 140 lettertekens op Twitter hat de sjuery de nominearren útkeazen. It binne Simon Oosting, Piet Bult, Janneke Spoelstra, Wopkje de Jong en Pieteke de Boer.

Snein 16 oktober wurdt de Sulveren Twicht útrikt. Op dy lêste dei fan de Moanne fan it Fryske Boek is in feestlik program mei dichters en skriuwers yn Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)