Skoalle ûntromme om gaslek

13 okt 2011 - 15:05

Basisskoalle Aquamarijn oan de Brandemeer yn Ljouwert is tongersdeitemiddei ûntromme fanwege in gaslek yn in leechsteand gebou der tsjinoer. It gaslek wie yn de âlde Comeniusskoalle.

Twa swalkers dy't yn it gebou wiene, rûkten in gaslucht en warskôgen de plysje. It gas is yntusken ôfsletten. De bern fan de basisskoalle wurde mei buskes nei hûs ta brocht. It gebou wurdt goed fentileard. De oarsaak fan it lek is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)