Blokfluitoplieding yn Foudgum

13 okt 2011 - 12:58

Yn Foudgum kinne blokfluitisten in oplieding krije. De oplieding Flauto Nuovo riedt aspirant-studinten ta op it konservatoarium. It nivo fan muzykskoallen slút net mear oan by it talittingsnivo fan konservatoaria. It konservatoarium yn Grins hat gjin foaroplieding foar blokfluit mear. Minsken út it Noarden moatte nei Amsterdam of Den Haach reizgje.

Mei de oplieding yn Foudgum wol Flauto Nuovo in foaroplieding fersoargje fan twa jier oant fjouwer jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)