KvK hâldt klantetsjinsten

13 okt 2011 - 12:28

Der binne gjin garânsjes dat de Keamer fan Keaphannel like aktyf bliuwt yn Fryslân as no. De organisaasje docht alle war om op lange termyn aktyf te bliuwen. Dat seit direkteur Jansen. Foarearst feroaret foar de Fryske ûndernimmers net folle.

In skoft lyn is in reorganisaasje oankundige. Der komt ien lanlike KvK. Dat betsjut foaral dat tsjinsten út it hjoeddeistige haadkantoar Grins ferdwine. De Fryske festiging mei klantetsjinsten bliuwt bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)