Hulshoff: 'Gana befalt goed'

13 okt 2011 - 11:48

Fuotbaltrainer Sipke Hulshoff is foar even werom yn Nederlân. Hulshoff is no twa moannen oan it wurk op in fuotbalskoalle yn it Afrikaanske Gana. De 36-jierrige trainer wurket dêr foar de oplieding fan Red Bull Salzburg, dy't dêr in fêstiging hat.

'It is in prachtige erfaring foar my as trainer. Yn it begjin tocht ik hiel even, wat doch ik hjir? Mar doe't ik echt oan it wurk gie, wie dat oer.' Hulshoff giet sneon wer nei Gana en komt dan mei kryst wer nei Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)