Thúskwekerij yn Marrum oprôle

13 okt 2011 - 11:15

In man (44) en in frou (28) út Marrum binne woansdei oanhâlden om't se thús himp tylden. De plysje kaam by de minsken thús fanwege in melding fan in bedriging. Se fûnen twa lytse kwekerijen mei sa'n 200 planten. Ek is in lyts bytsje XTC en amfetamine fûn, en in nepfjoerwapen.

De drugs en it wapen binne yn beslachnaam. Beide fertochten binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)