Cocosfabryk Harns ferkocht

13 okt 2011 - 10:23

It âlde Cocosfabryk yn Harns is lang om let ferkocht. Dat gebou fan sa'n 70 jier âld is de lêste jierren fertutearze. De gemeente woe it slope, mar in soad Harnzers wiene it dêr net mei iens. Doe is besluten om it Cocosfabryk te ferkeapjen.

De nije eigner is Jelle Bruinsma fan boubedriuw Bruinsma út Harns. Hy wol it gebou hielendal restaurearje en dêrnei ferhiere. Der hat al kontakt west mei Talant en de Seefeartskoalle. Mooglik komme der wenunits yn it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)