Plysje pakt drugsdealers

De plysje hat twa manlju út De Westereen en Twizelerheide oanhâlden. Se wurde fertocht fan hannel yn harddrugs. De plysje kaam de manlju op it spoar nei anonime tips. De man fan De Westereen is moandei oppakt. By him thús is guod fûn dat yn ferbân brocht wurde kin mei drugshannel. De oare fertochte is tiisdei oanhâlden. De plysje fûn kokaïne yn syn auto.
It duo wurdt dizze wike foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De plysje slút mear oanhâldings net út.