Soargen oer iepenbier ferfier

Soad fragen oer iepenbier ferfier
Yn de steatekommisje lân, loft en wetter binne grutte soargen oer de takomst fan it iepenbier ferfier op benammen it plattelân. Dat die woansdei bliken by de behanneling fan de oanbestegingsbrief Iepenbier Ferfier. Der is minder jild beskikber mar tagelyk moat der mear realisearre wurde en dêr sit in spanning.
De kommisjeleden hawwe dan ek in protte fragen steld. Deputearre Kramer wie der net by. It kolleezje sil dêrom skriftlik reagearre.