Tytsjerk hat ûndernimmersklup

It bestjoer fan de ûndernimmersklup (foto: Foka Westra)
Tytsjerk hat in eigen ûndernimmersklup. Fjirtich bedriuwen hawwe har dêrby oansletten. Eigner Kuipers fan de pleatslike tonnehannel is de foarsitter. Hy fynt dat ûndernimmers seker yn dizze ekonomysk drege tiid in soad oan elkoar hawwe kinne.
De ûndernimmersklup soarget derfoar dat ûndernimmers elkoar moetsje, nije kontakten opdogge en saken dwaan kinne. Undernimmers kinne sa neffens Kuipers de resesje de baas bliuwe.