Fragen oer ferdjipping fargeul

ChristenUnie wol opheldering fan de minister
De ChristenUnie stelt keamerfragen oan minister Schultsz van Haegen. De partij wol witte wannear't begûn wurdt mei it útdjipjen fan farwei de Boontjes. Dat is de fargeul tusken Koarnwertersân en Harns. Yn dit stik sit in drompel. Skippen moatte dêrtroch achter elkoar farre. Dêrtroch rinne se fertraging op.
Den Haach hat 5 miljoen euro frijmakke foar it útdjipjen fan de fargeul. Dat soe dit jier úteinsette, mar it rint mooglik fertraging op.