Besikerssintrum Harns iepene

12 okt 2011 - 20:42
  • Boargemaster Scheffer iepenet it sintrum
  • Der wurdt hurd wurke oan de Willem Barentsz replika

In grutte publykslûker moat it wurde, de Willem Barentszwerf oan de Nije Willemshaven yn Harns. De replika fan it skip, dêr't Willem Barentsz en syn mannen yn 1596 mei oerwinteren op Nova Zembla, krijt hieltyd mear stal. De earste hûdplanken binne al op de spanten montearre. By it skip is no ek in besikerssintrum realissearre. Dat waard woansdeitemiddei iepene.

De stifting Eksepedysjeskip Willem Barentsz ferwachtet in protte besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)