Ynbraak yn Blauwe Golf

12 okt 2011 - 15:13
  • Bewakingbylden Plysje Fryslân

By in ynbraak yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is foar tûzenen euro's skea oanrjochte. De ynbraak wie al yn de nacht fan 1 op 2 septimber.

Op bylden dy't troch bewakingskamera's makke binne en dy't de plysje frijjûn hat, binne trije manlju te sjen. Se hawwe ark en portofoans by harren. De skjinmakkers kamen de ynbrekkers moarns betiid oer it mad. Se binne doe útnaaid. By de ynbraak is frijwol neat stellen, mar de ravaazje is grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)