Stim Denise Rivera by KLM

12 okt 2011 - 14:37
  • Denise Rivera (foto: Omrop Fryslân)

De Ljouwerter sjongeres Denise Rivera lient har stim foar filmkes dy't fertoand wurde op ynternasjonale fleanreizen fan de KLM. Se sprekt filmkes yn mei ynformaasje oer stêden lykas New York en Buenos Aires.

Denise Rivera is berne yn Bolivia en groeide op yn Amearika en Spanje. Se wennet sûnt 1998 yn Ljouwert. Neist sjongeres is se ek stimaktrise en hat se commercials ynsprutsen foar bedriuwen lykas Philips en Coca Cola.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)